FIDEO: Boereprotest op it Malieveld yn ekstra Fryslân Hjoed

01 okt 2019 - 12:55

It Malieveld yn Den Haag is tiisdei folslein yn hannen fan boeren út hiel Nederlân. Sy protestearje dêr tsjin de stikstofplannen en foar in better lânboubelied. De demonstraasje stiet fan 13.00 oere oant 15.00 oere tiisdeitemiddei pland. Omrop Fryslân stjoerde fan 13.00 oere ôf live út mei bylden fan it Malieveld ôf, yn in ekstra útstjoering fan Fryslân Hjoed. De útstjoering is hjirûnder werom te sjen.

Omrop Fryslân hâldt de hiele dei in liveblog by mei nijs, foto's en oare ferhalen fan it boereprotest. Dit blog is hjir te folgjen.

(advertinsje)
(advertinsje)