Beswieren Weststellingwerf tsjin gaswinning Noardwâlde ôfwiisd

De beswieren fan de gemeente Weststellingwerf tsjin it opnij opstarten fan de gaswinning by Noardwâlde, binne ôfwiisd. Dat melde wethâlder Hanneke Zonderland moandeitejûn. De gemeente tinkt nei oer in reaksje, mar wat de fraksje fan Blijf Stallingwarfs oanbelanget, stapt de gemeente nei de Ried fan Steat.
© Omrop Fryslan, Timo Jepkema
Gaswinbedriuw Vermilion wol in boarput oan de Schapendrift by Noardwâlde opnij yn gebrûk nimme. In winningsplan rint oant en mei 2038. Neffens de gemeente nimt mei de gaswinning de kâns op trillingen yn de boaiem ta. By proefboarringen ûntstiene yn 2009 ek al trillingen.
Vermilion wie al begûn mei de tariedingen, mar moast dy fanwegen de stikstofútspraak stillizze.