Kollum: "De poes yn de piskrol"

"Miskien kaam it troch al it reinwetter fan it ôfrûne wykein. Of troch de poes dy't my fan 't simmer oanseach ûnder in saneamde 'plaskrul' wei. Foar de dúdlikheid: in 'plaskrul' is in urinoir, in izeren plaat, foarme ta in spiraal dy't op fjouwer poaten stiet, in heale meter boppe de grûn. De flier is betegele, hat in rjochtop steande natuerstiennen plaat en in pisgoatte dy't op it rioel oansletten is.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De toan fan Willem Schoorstra
Yn dy heale meter frij sicht siet my dus in poes oan te sjen. Dy wie it eigendom fan in frou waans gesicht ik net gewaarwurde koe. In frou dy't yn in piskrol sitten giet, dy't troch it aard fan syn konstruksje foar manlju bedoeld is, moat noadich. En wyldpisjen is ferbean.
Yn stêden falt dat oars wol te begripen. Mei it ferhaal fan de strjitlizzers op it Oudekerksplein yn de Amsterdamske rosse buert yn de achterholle, dy't nei in pear minuten mislik waarden fan de pislucht fan de hoererinners en net fierder wurkje koene, is soks in logyske saak. Tsjerken en katedralen ha ek slim te lijen fan de giele fonteinen dy't dêr foaral nachts tsjinoan begjinne te sproeien.
Noadich pisje moatte yn in stêd kin in probleem wêze, yn 't bysûnder foar froulju. Dat jildt ek foar festivals. Wy, manlju, ha behalve in rige dixies meastal ek in moai nust piskrusen ta ús foldwaan. Mobile urinoirs dêr'tst mei syn fjouweren tagelyk de blaas yn leegje kinst, wylst troch de ferromming dy't dat jout gauris de meast filosofyske petearen ûntstean, begeliede fan in rustyk kletterjen.
Froulju stean geregeld yn kilometers lange rigen te wachtsjen, foar't se einlings teplak kinne yn in dixie dy't it oansjen hat fan in plak dêr't in bom ûntploft is. In ûntploffing middenyn in kontener fol pindakaas, trochsêde tampons, resten kaugom en de ynhâld fan in mage nei in miks fan lij bier, healgeare hamburgers en sloppe patat.
Wyldpisjen is trouwens oeral ferbean, ek yn de frije natuer. Dat fyn ik persoanlik hiel spitich, want der is neat lekkerder as yn de bosk tsjin in spesjaal dêrfoar útkarde beam jins wetter rinne te litten. Dêr komt neffens my de útdrukking 'de natuer syn gong gean litte' ek wei. It is in ierdsk barren dat in grutte foldwaning jout, in fielen fan ferbûnens. Foar my hjit dat ek gjin wyldpisjen. Earder kalmpisjen. In soarte fan floeibere meditaasje. Boppedat smyt bûtendoar pisjen nijsgjirrige sitewaasjes op.
Benammen by steltsjes ûntstiet faak in spontaan rollepatroan. As it wyfke nammentlik achter in strûk of by in beam yn de hoksen giet, stiet it mantsje op 'e útkyk. Dy hat wat fan in wachter of in beskermer sûnder dúdlike taakomskriuwing. Warskôgje oft der ien oan komt hat ommers gjin sin: de kraan stiet iepen, it wetter moat derút. Nee, it mantsje sil de tafallige foarbygonger ôfliede moatte. Hy kin dat dwaan troch 'wat ha wy moai waar, net?' te sizzen, of 'jo folgje it natte neuzenpad?' Dat lêste fansels allinne as de foarbygonger in hûn by him hat, oars klinkt it ek wat lullich.
Hawar, nei it oansjen fan de poes yn de piskrol, pleitsje ik foar mear iepenbiere toiletten yn stêden foar froulju. En no moat ik earst nei de plee."