Liveblog | 1 oktober 2019

LIVEBLOG: Fryske boeren protestearje op it Malieveld yn Den Haag

De boeren demonstrearje tiisdeitemiddei yn Den Haag tsjin de stikstofplannen en foar in better lânboubelied.
Lêst bywurke: 1 oktober 2019, 22:44
20:34

De ein fan de dei yn Den Haag

19:50

Fryske flagge op de kop yn Minnesota

Der wiene in soad boeren en oare minsken dy't harren protest uteren troch in Nederlânske of Fryske flagge op de kop te hingjen. Yn de seefeart is sa'n flagge op de kop in teken fan need. It ophingjen fan in flagge barde net inkeld yn Nederlân, mar ek boer Kor Mulder út Aldeboarn dy't no yn Minnesota wennet hat in flagge op de kop opgong by syn buorkerij yn Minnesota. Yn april fan dit jier hat Omrop Fryslân ferskate berjochten oer him en syn soannen skreaun, dy't troch in ôfrinnend fisum net yn Amearika bliuwe meie.
De flagge by Kor Mulder yn Minnesota © Kor Mulder
19:21

Ek Fryske delegaasje komt werom

19:18

Nei hûs

19:07

Wêr is der file?

Wolle jo witte wêr't noch krekt file is yn it lân troch de boeren dy't nei hûs ride, sjoch dan op de webside fan de ANWB.
18:04

Fryslân Hjoed oer it protest yn Den Haag

Alles Fryslân Hjoed oer protest