Fryske boeren binne Nijkerk foarby: stimming ûnderweis is goed

01 okt 2019 - 06:20

Mear as trijehûndert trekkers út Fryslân, Grinslân en Drinte ride op dit stuit oer de A28 tusken Nijkerk en Amersfoort. Se binne al de hiele nacht ûnderweis nei Den Haag, om dêr tiisdeitemiddei te demonstrearjen. It oare ferkear komt stadichoan op gong en dat smyt út it hiele lân meldingen fan files op.

Benammen op de A2 en de A28 is it drok. Tusken Den Bosch en Utrecht stiet 14 kilometer file en op de A28 tusken Amersfoort en Utrecht is de file 10 kilometer. It oare ferkear, wat no ek de dyk op giet, moat rekken hâlde mei in fertraging fan hast in oere.

It Hearrenfean

De boeren hawwe har nachts sammele by It Hearrenfean. Fan dêr ôf binne se ôfset yn de rjochting fan Meppel en doe fierder nei Zwolle. Underweis hawwe tsientallen boeren út Grinslân en Drinte har by de kolonne oansletten.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer is al de hiele nachts ûnderweis mei it trekkerprotest. Hy sjocht dat it no drokker wurdt op de diken. "Der komt no in hiele stream ferkear op gong. Wy ride no tusken Nijkerk en Amersfoort. Dat betsjut dat it noch in hiel ein is nei Den Haag. Bytiden giet it ek net hurd."

Boeren binne optimistysk

Nettsjinsteande dat de boeren al de hiele nacht ûnderweis binne, is de stimming goed. "Benammen it entûsjasme, dat safolle minsken meigien binne, dat stimt de boeren hiel optimistysk."

De boeren binne ûnderweis nei Den Haag. Dêr demonstrearje se tiisdeitemiddei tsjin de stikstofplannen en foar in better lânboubelied. Dy demonstraasje wurdt tusken 13.00 en 15.00 oere hâlden. Der meie net mear as 75 trekkers by wêze; de oare trekkers moatte bûten de stêd parkearje.

Foto: De Vries Media

Ferslachjouwer Gerrit de Boer

Trefwurden: 
trekkers boereprotest
(advertinsje)
(advertinsje)