Kristlike basisskoallen Noardwest-Fryslân begjinne mei eigen berne-opfang

Acht kristlike basisskoallen yn Noardwest-Fryslân biede fan tiisdei ôf harren eigen berne-opfang oan. Bern ûntwikkelje harren better as alles ûnder ien dak komt, is de kristlike ûnderwiiskoepel Christelijk Basis Onderwijs (CBO) Noardwest-Fryslân fan betinken. Bern fan 0 oant 13 kinne no op itselde plak bliuwe foar opfang en ûnderwiis.
Kristlike basisskoallen Noardwest-Fryslân
In groep fan fjirtich pedagogysk meiwurkers fersoarget de opfang fan de bern. Dy groep wurke al by de ûnderwiiskoepel. Sy komme by Stichting Kinderopvang Friesland (SKF) wei en binne no yn tsjinst kaam fan de skoallen. Mar fan fertriet is gjin sprake, seit SKF-direkteur Jeannet van den Akker: "Voor de veertig collega's verandert er nagenoeg niets. Ze werkten al in de kinderopvang op de acht locaties, maar vallen niet meer onder onze verantwoordelijkheid. Voor de kinderen en ouders verandert er helemaal niets.''
Mear basisskoallen wurde omfoarme ta saneamde yntegrale bernesintra. Op dy plakken wurket it reguliere ûnderwiis gear mei berne-opfang op ien fêst plak.
CBO Noardwest-Fryslân is de koepel fan santjin basisskoallen yn de gemeenten Waadhoeke, Harns en Ljouwert. Njonken de acht skoallen dy't de berne-opfang no al sels regelje, sille noch njoggen oare skoallen, dy't ek ûnder de koepel falle, yn de takomst ek sels harren berne-opfang regelje.
Foarbyldfoto fan in pjut op de berne-opfang © Shutterstock.com