Protest fan start: boeren op trekkers ûnderweis nei Den Haag

30 sep 2019 - 22:25

Hûnderten boeren hawwe harren moandeitejûn sammele yn Hitsum. Om 22.00 oere binne se ôfset rjochting Den Haag dêr't se demonstrearje sille tsjin de stikstofplannen. De boeren wolle in better lânboubelied.

De boeren gean earst mei trekkers en auto's nei It Hearrenfean. Dêr wurde se om tolve oere fannacht ferwachte. Dêrnei giet it nei Meppel en dan fierder nei Zwolle. De bedoeling is dat se tiisdeitemoarn om tsien oere yn Den Haag oankomme. Ek út Grinslân en Drente wei wurde hûnderten boeren ferwachte.

Sammelje by Henk en Jitty Zijlstra yn Hitsum foar trekkerprotest yn Den Haag - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Moandei waard bekend dat op it Malieveld yn Den Haag net mear as 75 trekkers protestearje meie. De boere binne dêr net bliid mei. De plysje begeliedt it protest en sil yngripe, as dat nedich is.

Trefwurden: 
Den Haag boereprotest
(advertinsje)
(advertinsje)