Cyberkongres Ljouwert: "In tûke cyberkrimineel is net tsjin te hâlden!"

30 sep 2019 - 22:05

Wylst it tal fysike ynbraken op bedriuweterreinen ôfnimt, nimme de cyberynbraken troch ynternet allinnich mar ta. "Wat jo ek dogge om it foar te kommen, in tûke krimineel sil der eins altyd yn slagje yn jo systeem te kommen. Nim dêrom jo maatregels troch goede back-ups, en meitsje dy meardere kearen deis en op ferskaten plakken." Dat wie it advys fan Jurjen Greben, selsstannich ûndernimmer as ferloskundige en echoskopist yn Ljouwert. Hy is ûnderfingssaakkundige en kin it dus witte.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Betelje

Op it kompjûterskerm yn de praktyk fan Greben ferskynde op in bepaald stuit in grut read flak mei it boadskip dat syn kompjûter op slot siet en dat alle bestannen ûnberikber wiene en bliuwe soene. Of hy moast fuortendalik 1000 euro betelje of 1500 euro as er dat in wike letter die. Greben hat net betelle, mar de plysje ynskeakele dy't lang om let in lyts part weromhelje koe. Mar eins alle dokuminten dy't Greben yn tweintich jier sammele en geregeld brûkte by lessen, binne fuort.

Back-uppe

Greben warskôge syn kollega-ûndernimmers moandei op it Cybercongres XXL yn Ljouwert. Syn boadskip: 'Back-uppe, back-uppe en nochris back-uppe. Want hoe goed je de saak ek befeiligje, in tûke krimineel komt der eins alyd wol yn."

It Cybercongres waard organisearre troch it Platform Veilig Ondernemen, de Stichting Cybersafety Noord-Nederland en de gemeente Ljouwert. Bedriuweterrein De Zwette en de ûndernimmers fan Grou krigen op it kongres sertifikaten útrikt foar it Keurmerk Veilig Ondernemen.

De Ljouwerter ûndernimmer Jurjen Greben waard sels slachoffer fan cyberkriminelen

Soad belangstelling foar cyberkongres Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Boargemaster Buma oer cyberkriminaliteit: "Wees niet te goedgelovig"

Foto: Omrop Fryslân, René Koster
(advertinsje)
(advertinsje)