Agri & Foodscan Fryslân presintearre: 'Konklúzjes net hielendal nij'

30 sep 2019 - 21:21

Der lizze yn Fryslân in soad kânsen foar de natuerynklusive lânbou, mar der is ek noch in soad ûndúdlik. Dat is ien fan de konklúzjes út de Agri&Foodscan Fryslân, dy't moandeitemiddei presintearre waard by de Fryske Akademy.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Yn de Agri&Foodscan wurdt in ynsjoch jûn yn de ekonomyske en ekologyske duorsumheid fan de Fryske lânbou en de ferwurkjende yndustry. It ûndersyk is útfierd troch ûndersiker en projektlieder Ronald Plantinga. Yn gearwurking mei organisaasjes lykas de provinsje Fryslân en de Ryksuniversiteit Grins is ûnder mear sjoen nei de takomst fan dizze sektoaren yn ús provinsje.

Undersiker Ronald Plantinga fan de Fryske Akademy

Ekonomyske kânsen

Ut it ûndersyk docht bliken dat der in soad kânsen lizze foar de agri-foodsektor. Der wurkgelegenheid is de ôfrûne jierren tanommen oant sa'n 30.000 minsken. De foarútsjoggen binne geunstich, mar Fryslân moat der wol foar soargje konkurrearjend te bliuwen.

Tineke de Vries fan LTO oer de Foodscan

De konklúzjes út de Foodscan binne net nij, seit Tineke de Vries fan boereorganisaaseje LTO Noord. It soe ek wol wat apart weze as it nij wie foar de boeren, giet se fierder, want dan witte de LTO net wat der spilet. Nettsjinsteande de oankundige boereprotesten fan tiisdei giet it wol goed mei de lânbousektor as gehiel. De boeren hawwe wol harren nocht dat by elk probleem nei harren wiisd wurde. De Vries hopet dat it yn Den Haag net eskalearret, want dan krije de boeren de publike opiny tsjin harren.

(advertinsje)
(advertinsje)