Jong Hearrenfean lit punten lizze, Jong Cambuur wint wol

30 sep 2019 - 22:24

Jong SC Hearrenfean hat de thúswedstriid tsjin Jong Heracles Almelo moandei net witten te winnen. De wedstriid op sportpark Skoatterwâld einige yn in lykspul. By Hearrenfean begûn Fjetnamees Doan Van Hau yn de basis.

Anders Dreyer - Foto: SC Hearrenfean

De Feansters kamen al betiid op foarsprong. Der stienen noch gjin 180 sekonden op de klok doe't keeper Koen Bucker fan de besikers de bal út it net fiskje koe. Nei in flater yn de opbou fan Jong Heracles ûnderskepte Anders Dreyer de bal en skeat de bal yn de touwen. Dêrnei barde der net folle mear op Skoatterwâld yn de earste helte, al krige Alen Halilovic ien-op-ien mei keeper Bucker, skeat Arjen van der Heide de rebound mis en koppe Daniël Høegh, dy't syn plak yn it earste alvetal kwyt is, út in corner lyk njonken de goal.

Inisjatyf by Tukkers

Yn de twadde helte wie Jong Heracles de bettere ploech, al krigen de Feansters in kertier nei rêst wol in grutte kâns op de 2-0. Emil Frederiksen stuts de bal dwers troch de ferdigening fan Heracles op de fuortrinnende Rein Smit, mar de hoeke wie te dreech om de kâns ôf te meitsjen. Jong Heracles drukte Jong Hearrenfean nei efteren en dat die fertuten foar de besikers. In frije traap waard troch de Belgyske sintrumferdigener Dario van der Buijs op fraaie wize efter keeper Trevor Doornbusch sketten (1-1). De Tukkers setten noch wol druk nei foaren op syk nei it winnende doelpunt, mar dat slagge net mear.

Jong Cambuur pakt trije punten

De beloften fan Cambuur hawwe harren trainer Jan Bruin in moai jierdeiskado jûn. De âld-fuotballer dy't hjoed 50 jier wurdt, seach dat syn ploech mei 4-1 wûn fan Jong FC Twente. De spilers fan it earste makken yn Hengelo it ferskil. Mitchel Paulissen skoarde twa kear en ek Giovanni Korte makke in doelpunt. De fjirde goal kaam fan Micha Metz. By it skoft stiene de Ljouwerters al mei 2-0 foar. Fan it earste diene ek keeper Pieter Bos, Kellian van der Kaap en Alex Bangura mei.

(advertinsje)
(advertinsje)