Fryske Music Night komt nei njoggen jier werom

30 sep 2019 - 20:48

Nei njoggen jier komt De Fryske Music Night werom. De jûn mei Fryske artysten waard yn 2006 foar it earst hâlden en de lêste kear wie yn 2011. De Kast bestiet yn 2020 tritich jier en wol de jubileumtoer ôfslute op de Fryske Music Night.

Foto: Screenshot YouTube

Mei troch it ynfallen fan de resesje kaam yn 2011 in ein oan de Fryske Music Night. Mar De Kast, de band achter it evenemint, krige wol gauris de fraach oft der wer in Fryske Music Night komme koe, en no sil it heve op 27 novimber 2020.

Harm Weistra praat mei Syb van der Ploeg

Mear as de datum en de lokaasje, it WTC Expo yn Ljouwert, is noch net bekend, fertelt sjonger Syb van der Ploeg van De Kast. Takom jier bestiet De Kast tritich jier, in moaie gelegenheid om de jubileumtoer ôf te sluten op de Fryske Music Night.

Op de Fryske Music Night treden yn it ferline altyd Nederlânske artysten op, lykas Rob de Nijs, Lee Towers, Anita Meijer en Willeke Alberti. Sy diene dan ek altyd ien fan harren hits yn in Frysktalige útfiering. ""Jimme meie wol komme te spyljen, mar dan moatte jimme in Frysktalich nûmer dwaan", seine wy, "En dat diene se dan ek. Dat wie ien fan de hichtepunten", fertelt Syb van der Ploeg.

"Fierders wie it in parade fan Fryske artysten dy't dat jier in protte dien hiene en yn de publisiteit kaam wiene. By de lêste kear wiene der sawat sântûzen taskôgers."

Foar de edysje fan takom jier binne der plannen om muzyk fan hiel grutte artysten yn it Frysk út te fieren, lykas The Eagles of Queen. "Dat litte wy dan troch oaren dwaan. Der binne al wat opsjes, mar dêr kin ik no noch neat oer sizze. Ik sjoch in Johannes Rypma wol in nûmer fan Bryan Adams yn it Frysk dwaan, om mar in foarbyld te neamen", seit Syb van der Ploeg.

Trefwurden: 
de Kast Fryske Music Night
(advertinsje)
(advertinsje)