FIDEO: Jos van der Horst: "Smellingerlân polityk ûnbestjoerber"

30 sep 2019 - 19:37

Smellingerlân is polityk feitlik ûnbestjoerber. Dat seit SP-riedslid Jos van der Horst. Ferline wike stapte wethâlder Eric ter Keurs (VVD) op, nei't syn kollega Roel Haverkort (PvdA) dat earder ek al dien hat.

Van der Horst nimt tiisdei ôfskied fan de gemeentepolityk, fanwege syn ferhuzing nei Brabân. It probleem leit net oan de amtnerij, sa't wol faker sein wurdt, mar Van der Horst skriuwt de problemen ta oan de polityk. De grutste fraksje yn de ried, de ELP, wol neffens Van der Horst alles wiidweidich bediskusjearje, sadat der frijwol gjin besluten naam wurde. Dossiers lykas dy fan it swimbad yn Drachten of de wenweinplakken bliuwe dêrtroch lizzen.

(advertinsje)
(advertinsje)