Boeren mei spandoek nei Den Haag: 'Wij zijn des kegels'

30 sep 2019 - 18:35

"Wij agrariërs zijn des kegels, wij zijn het zat met alle regels." Dat is de tekst dy Romke de Jong en syn kammeraten út Kûbaard op in spandoek sette. Moandeitejûn sette sy dermei ôf nei Den Haag om harren ûnfrede oer de regels yn de agraryske sektor kenber te meitsjen.

"Myn bern ha amper perspektyf"

"It moat dien wêze mei it feit dat de boeren altyd de skuld krije," begjint Romke syn ferhaal fol emoasje. "It giet my bot persoanlik oan. Ik haw ek bern en wol ek graach dat sy oer tweintich of tritich jier meihelpe yn it bedriuw. As it sa trochgiet, sjoch ik dat net sitten." Romke lûkt in blik ferve iepen en begjint in spandoek fol te tekenjen. "De hiele sektor hat der bot mei krijen. Ik bin echt net de iennige dy't oer de takomst fan de bern yn sit."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Tiid foar aksje

"Der komme hieltyd mear regels en dat moat no út wêze," ferfolget Romke syn ferhaal wylst er de letters A en G op it spandoek skilderet. "It is tiid foar aksje, want net allinnich de boeren hawwe lêst fan al dy regels. Ek oare sektoaren wurde pakt, boubedriuwen, bistedokters en neam mar op. We moatte sjen dat we dêr wat tsjingas yn jouwe. It moat no foar elkenien dúdlik wurde hoe't it sit. Net hieltyd regel op regel, want dêr wurdt gjinien better fan."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort seach efkes by it skilderjen

Den Haag is gekkewurk

"Oan de iene kant is it gekkewurk om hielendal nei Den Haag te riden mei de trekker," seit Romke wylst hy de kwaste oer it doek gean lit. "Mar wy wolle ek in teken ôfjaan dat wy de muoite nimme om der hielendal hinne te gean." Neffens De Jong soarget dat derfoar dat de sektor serieus nommen wurdt. "Dat is no hielendal net sa. De minsken yn de stêd meitsje de regels, wylst sy fier fan it plattelân ôf stean. Se hawwe gjin idee wat wy dogge."

Net de iennige

Romke is net de iennige dy't moandeitejûn rjochting de politike haadstêd giet. "Wy gean jûn mei in stik of hûndert boeren fuort, hoopje ik. Dan makkest it boadskip echt dúdlik. As wy dat út alle hoeken fan it lân dogge, litte wy wol in punt sjen dat we ús sterk meitsje en dat it om ús giet."

(advertinsje)
(advertinsje)