Falprevinsje bliuwt nedich: alle fiif minuten in âldere op de earste help

30 sep 2019 - 18:27

Hoe soargje jo derfoar dat âldere minsken fit en sûn it libben trochgean en net op de earste help bedarje mei in stikkene heupe? Dy fraach stiet dizze wiken by in soad fersoargingshuzen en fitness-sintra sintraal. yn de nasjonale wike fan de falprevinsje.

Foto: Omrop Fryslan

Ferslachjouwer René Koster yn petear mei Eijzenga

Falle is noch hieltyd de grutste oarsaak fan letsel troch in ûngelok by âlderen. Mar leafst 280 minsken op leeftiid moatte op in dei nei de earste help nei in falûngelok. Dat betsjut dat der alle fiif minuten ien pasjint bykomt. Om derfoar te soargjen dat âldere minsken harren mear bewust binne fan dit grutte risiko is de wike fan de falprevinsje opset. Yn Berltsum wurdt dêr foarm oan jûn mei in spesjale 'Vitale Vijftig+ beurs'.

De beurs is in inisjatyf fan fysioterapeut Jelle Eijzenga. Der kin ûnder oare in parkoers ôflein wurde en minsken kinne yn de kunde komme mei allerhanne soarchoanbieders yn it doarp. "Wy hawwe alles by ús yn de praktyk sitten", fertelt Eijzenga. "In logopedist, de podolooch, de diëtist en fysioterapy. Wy besykje op dizze wize it doarp ek libjend te hâlden."

Neffens Eijzenga is it tige wichtich dat der omtinken is foar falprevinsje, om't de risiko's op fallen grutter wurde as jo de 60 foarby binne. Dat betsjut lykwols net dat jo as 50-jierrige gjin omtinken jaan moatte oan de kampanje. "Jo kinne better as jo 50+ binne dermei yn kontakt komme. Dat jo witte hoe't jo foarkomme kinne dat jo falle", seit Eijzenga. "It binne simpele saken lykas gjin kabels of kleedsjes op de grûn."

Ferslachjouwer René Koster op de beurs

(advertinsje)
(advertinsje)