Italiaan feroardiele foar stellen bier, fisk en garnalen

30 sep 2019 - 18:20

In Italiaanske asylsiker kriget seis wiken selstraf fan de rjochtbank yn Ljouwert. De âld-ynwenner fan it Drachtster azc waard moandei feroardiele.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De 27-jierrige man waard berne op it Italiaanske eilân Sardinië. Dat is Europa, mar dochs melde er him yn septimber by it COA om asyl oan te freegjen. Hy wie noch mar in pear wiken yn Nederlân doe't er trappearre waard op it stellen fan bier, fisksticks en garnalen.

Fleskes bier, fisksticks en garnalen stellen

De man sei dat er as toerist nei Nederlân takaam wie en asyl oanfrege hie om foar te kommen dat er as net winske frjemdling it lân útset wurde soe. Hy wie noch mar in pear wiken yn it lân doe't er op 15 septimber twa fleskes bier stiel by de Albert Heijn yn Drachten. Fiif dagen letter naam er by de Aldi yn Drachten fiksticks en garnalen mei sûnder te beteljen. Deselde dei fûn de Italiaan yn in bushokje in beurs mei dêryn in bankpas. Mei dy bankpas kocht er hasj, drank en sigaretten troch kontaktleas te beteljen.

Meardere identiteiten

De man is yn Nederlân noch net earder feroardiele, mar neffens de plysje is hy ek bekend by justysje yn Switserlân. Hy stie bekend as ien dy't him hieltyd foar in oar útjout.

De offisier fan justysje easke seis wiken sel. De rjochter nimt dy eask oer. De man seit dat er stellen hat om't er honger hie. De rjochter koe dat lestich rymje mei it feit dat er mei de bankpas hasj, sigaretten en drank kocht hat.

Trefwurden: 
stellerij rjochtbank
(advertinsje)
(advertinsje)