Striid om perioadetitel Cambuur is 'Wedstriid fan de Wike'

30 sep 2019 - 18:00

It fuotbalseizoen is noch mar twa moannen oan 'e gong, mar SC Cambuur kin no al de earste priis pakke. Freed spylje de Ljouwerters thús tsjin Excelsior. By in oerwinning en puntferlies fan de konkurrinsje, binne se wis fan de earste perioade. Alle reden om dat duel te ferkiezen ta 'Wedstriid fan de Wike'.

De earste perioade soe de klup net allinne in ticket foar de neikompetysje opsmite, ek finansjeel hawwe je der wat oan. "It smyt de klup 50.000 euro op", wit sportferslachjouwer Andor Faber. "En dat kin in klup as Cambuur goed brûke. Mar de ploech fan Henk de Jong is wol ôfhinklik fan NAC Breda. Dy moatte ferlieze of lykspylje tsjin NEC en dan moat Cambuur sels winne."

De wedstriid tusken Cambuur en Excelsior is freedtejûn om 20.00 oere live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Ek hâlde we jo op de hichte fan it ferrin by NAC-NEC. Dat alles is ek te folgjen yn in liveblog freedtejûn.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant hurdfytsen en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Excelsior
(advertinsje)
(advertinsje)