Auto botst op Ljouwerter blombak, bestjoerder ferwûne

30 sep 2019 - 17:33

In nuvere oanriding moandei op de Tynjedyk yn Ljouwert: in automobilist rekke ferwûne doe't er tsjin in blombak botste. Hoe't dat barre koe, is net bekend.

Foto: Nick den Boer

De auto hie grutte skea troch de oanriding mei de blombak. De bestjoerder is troch it ambulânsepersoniel neisjoen en behannele. Wat de ferwûnings binne, is net bekend.

Trefwurden: 
Ljouwert botsing blombak
(advertinsje)
(advertinsje)