Fryske strafpiketadvokaten stean manmachtich efter oankundige staking

30 sep 2019 - 17:14

De Fryske strafpiketadvokaten stean manmachtich efter de oankundige staking, begjin jannewaris takom jier. Sy dogge dat út ûnfrede oer de fergoedingen foar subsidiearre rjochtsbystân, dy't de advokaten te leech fine.

Tjalling van der Goot - Foto: Omrop Fryslân

Der binne tsientallen strafpiketadvokaten yn Fryslân, en sy stean allegear efter dy oankundige staking. Ien fan har is advokaat Tjalling van der Goot. "Elkenien tinkt der itselde oer. De need is heech en der driget in hiel grut probleem as de minister it net oplost."

Pikettsjinst

De advokaten protestearje tsjin it beslút fan it kabinet om gjin ekstra jild beskikber te stellen foar subsidiearre rjochtsbystân. In pikettsjinst yn de advokatuer betsjut dat advokaten beskikber wêze moatte om fertochten by te stean by it plysjeferhear. Dy bystân sil der dus, as de staking trochgiet, yn de earste twa wiken fan 2020 net wêze. Dat betsjut dat ferklearringen fan fertochten by in ferhear net rjochtsjildich binne as bewiis.

"It stelsel fan finansierre rjochtshelp hat efterstallich ûnderhâld", fertelt Van der Goot. Wy wolle net perfoarst mear jild hawwe, mar elkenien mei in smelle beurs moatte rjocht hawwe op in advokaat. It moat foar advokaten kostedekkend wêze. En dat is it op dit stuit net. De minister wegeret oant no ta om dat oan te passen."

"It kin net mear út"

It gefolch is dat hieltyd minder advokaten dizze subsidiearre rjochtsbystân útfiere wolle. "In soad advokaten hawwe al sein: Wy dogge it net mear, want it kin net mear út. En dat hat gefolgen foar alle minsken dy't ús help nedich hawwe. Maatskiplik sjoen hat dat grutte gefolgen."

Advokaat Tjalling van der Goot

(advertinsje)
(advertinsje)