Sportcast: "Ik haw in foarkar foar gjin penalty foar VVV "

30 sep 2019 - 17:01

Presintator Andries Bakker en analisten Geert van Tuinen, Andor Faber en Roelof de Vries beprate yn dizze sportcast al it Fryske sportnijs en se krigen dizze kear help fan assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra. Dan komme fansels ferskate skiedsrjochterlike besluten foarby, mar ek Hearrenfean, Cambuur, Nyck de Vries en Pieter Weening komme wiidweidich oan bar.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

SC Hearrenfean wûn mei 3-0 fan VVV-Venlo. Roelof de Vries fûn it spul fan de Friezen net echt geweldich: "Hearrenfean wie wol better as VVV, mar it wie net echt goed." VVV krige healwei de earste helte in strafskop. Neffens Erwin Zeinstra is it dreech om te sizzen oft dat terjochte wie: "Der is kontakt, dus je kinne him jaan, mar as ik it sa besjoch, haw ik in foarkar foar gjin penalty."

Fenomeen

SC Cambuur wûn dik by FC Volendam (4-0). Robert Mühren, âld-spiler fan Volendam, makke trije goals. Andor Faber is út 'e skroeven oer de oanfaller. "Wat in fenomeen en hy is sa'n drûchkloat, sa lekker nochter." Geert van Tuinen komt wol mei in warskôging: "It is no allegearre hosanna, mar Cambuur moat wol wake foar in delgong."

Fierder komme yn dizze Sportcast kampioen Nyck de Vries en hurdfytser Pieter Weening noch efkes oan de oarder.

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast dy alle moandeis by oer al it sportnijs. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar. Alle Sportcasts beharkje? Klik hjir.

(advertinsje)
(advertinsje)