Woudagemaal ûnder stoom fanwege tefolle reinwetter

30 sep 2019 - 16:58

It Woudagemaal op De Lemmer wurdt tiisdei oanset om it oerstallige wetter yn de provinsje ôf te fieren. De ôfrûne dagen is der in soad rein fallen, en takom wike wurdt der noch mear wetter ferwachte.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De ôfrûne wike is der sa'n 70 milimeter delslach fallen yn Fryslân. Gewoanwei falt dizze hoemannichheid yn in moanne tiid. Ek foar de kommende dagen wurdt der noch in soad delslach ferwachte. Fanwege de drûge simmer nimt de grûn it reinwetter dreech op. De poldergemalen moatte hurd wurkje om it oerstallige wetter nei de boezem te pompen. De Fryske boezem hat dêrtroch te krijen mei in hege wetterstân, dy't ekstra ôffier freget.

It Woudagemaal wurdt oanset om it Hooglandgemaal te stypjen. By hege wetterstannen op see kin der net spuid wurde, en is ekstra pompkapasiteit nedich

Tariedingen úteinset

De tariedings foar it ûnder stoom setten fan it gemaal binne yntusken al úteinset. De masinisten stoke de stoomtsjettels op oant der genôch druk opboud is om it gemaal draaie te litten. Dit sil yn de rin fan tiisdeitemiddei wêze.

It draaiende Woudagemaal is fan woansdei 2 oant freed 4 oktober alle dagen iepen foar it publyk.

Trefwurden: 
De Lemmer Woudagemaal
(advertinsje)
(advertinsje)