Plysje fynt jonge katten yn de kliko yn Koatstertille

30 sep 2019 - 16:06

Yn Koatstertille binne trije jonge katsjes fûn yn in klikobak oan de Casimirstrjitte.

Foto: Politie Noord-Oost Fryslân

Twa fan de trije kittens binne troch de plysje yn feiligens brocht, mar de tredde is útnaaid en rint nei alle gedachten noch om yn de buorren mei de mem. Doe't de jonge katten ûntdutsen waarden siet de memmepoes noch njonken de klikobak te waken. Yn de buert fan deselde kliko waarden ek trije deade sebrafinken fûn.

De plysje freget minsken dy't hjir wat oer witte, om kontakt op te nimmen mei de plysje op it nûmer 0900-8844 of anonym fia 0800-7000.

(advertinsje)
(advertinsje)