Lytse wenningen hieltyd populêrder, mar hoefolle binne der no echt yn Fryslân?

30 sep 2019 - 15:28

Krapte op de wenningmerk, hege hierprizen en starters dy't dreech oan in hûs komme kinne. It binne realiteiten dêr't minsken dy't in wenplak sykje hieltyd faker tsjinoan rinne. De bou fan lytse wenningen, de saneamde 'tiny houses', soe in oplossing wêze kinne. Mar hoefolle fraach is dêr yn Fryslân krekt nei? En yn hokker gemeenten yn ús provinsje steane al lytse wenningen?

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Der binne op dit stuit yn totaal 25 permanint bewenbere 'tiny houses' yn Fryslân. Dêr komme meikoarten noch tsien wenningen by. De iennige Fryske gemeenten dy't op dit stuit al bewenbere 'tiny houses' hawwe, binne Tytsjerksteradiel en Súdwest-Fryslân. It doarp Hurdegaryp hie de lanlike primeur; dêr waarden goed twa jier lyn fiif 'tiny houses' pleatst.

Yn de Snitser wyk Tinga, oan 'e súdkant fan de stêd, stean sûnt jannewaris 2018 ek tweintich lytse wenningen. Plannen foar mear 'tiny houses' yn Súdwest-Fryslân binne der op dit stuit net.

Yn oanlis: Techum

Yn de nije wenwyk Techum, oan de súdkant fan Ljouwert, ferskine meikoarten tsien 'tiny houses' of mikrowenningen, sa't Robert Hoek se leaver neamt. Hy bout op dit stuit oan trije wenningen by Techum. De bewenners meie se nei eigen ideeën ynrjochtsje en se wurde ek oansletten op alle foarsjenningen.

Robert Hoek bout trije lytse húskes by Techum

Gea Pool en Robert Hoek foar it hûske yn Techum. - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Yn guon Fryske gemeenten is wol ynteresse om lytse wenningen te bouwen. Yn Achtkarspelen bygelyks hawwe ynteressearren in oanfraach dien. De gemeenteried moat dêr lykwols noch oer te set.

Ek yn de gemeente Hearrenfean is belangstelling. De gemeente is dêr noch yn petear mei inisjatyfnimmers. It is net dúdlik oft dat ek liede sil ta konkrete plannen foar de bou fan 'tiny houses'. Itselde jildt foar Harns. Yn dy gemeente wurdt ynkoarten ek praat oer lytse wenningen en oer wêr't dy dan krekt komme moatte.

Measte gemeenten net

Yn it grutste part fan de Fryske gemeenten steane lykwols gjin 'tiny houses'. Der binne yn dy gemeenten foarearst ek gjin plannen of oanfragen. It giet om It Amelân, Dantumadiel, De Fryske Marren, Eaststellingwerf, Flylân, Noardeast-Fryslân, Opsterlân, Skiermûntseach, Skylge, Smellingerlân, Waadhoeke en Weststellingwerf.

Ferskate gemeenten jouwe wol oan it ûnderwerp mei te nimmen yn de wenfisys dy't se oan it ûntwikkeljen binne. Yn Noardeast-Fryslân hat ferline jier ek wol in gearkomste west om te peilen oft minsken ynteresse hiene yn 'tiny houses'. Neffens de gemeente wie dy ynteresse der doe lykwols net.

Foar it meitsjen fan dit oersjoch is kontakt lein mei alle achttjin Fryske gemeenten. Yn it gefal fan de 'tiny houses' is it wichtich ûnderskied te meitsjen tusken wenningen dêr't minsken permanint wenje meie, en húskes dy't foar rekreatyf gebrûk ferhierd wurde. Yn dit oersjoch binne allinne 'tiny houses' meinommen dy't boud binne foar permaninte bewenning.

(advertinsje)
(advertinsje)