Sealterfrysk: de taal dy't hast útstoarn is

30 sep 2019 - 14:13

It Sealterfrysk is ien fan de meast bedrige talen fan de wrâld. Der binne noch sa'n tûzen minsken dy't it prate. Se wolle ferbining sykje mei de Friezen hjirre om harren eigen taal libjend te hâlden.

In groep fan sa'n tritich Dútske Ost-Friezen wie dit wykein yn Fryslân, om ûnder oare de betinking fan de Slach by Warns by te wenjen. Se fiele harren ek Frysk, mar ien fan harren talen, it Sealterfrysk, is útstjerrende. Mei it 'Ostfreesk Platt', it Saksyske dialekt dat liket op wat se yn Grinslân prate, giet it better.

André Freimuth wennet yn it Dútske Ost-Friesland, yn Krummhörn by Emden. Dêr en by Aurich, Leer en Witmund wenje minsken dy't Ost-Fries prate, dat liket op Grinslanners en yn Saterland wenje minsken dy't Sealterfrysk prate, dat wat mear liket op ús Frysk.

André Friemuth (links) hat in stiennen kado jûn oan de stichting Slach by Warns - Foto: Ronnie Porte

Foarbylden fan sinnen

Sealterfrysk Westerlauwersk Frysk (ús Frysk)
Die Mon, die dät däin häd De man, dy't dat dien hat
Dät Bäiden, wät dät däin häd It bern, wat it dien hat
Die Mon, dän sien Rääd iek leend hääbe De man, waans fyts ik liend haw
Dät Wieuw, ju hiere Woain iek kooped hääbe De frou, waans wein ik kocht haw

It Sealterfrysk wurdt sa bot bedrige dat it yn it Guinness Book of Records stiet as 'lytste taal fan Europa'. By NHL Stenden yn Ljouwert kinne minsken dy't meihelpe wolle om te taal te behâlden in kursus folgje. De kursus is begjin 2019 úteinset, en giet oer de taal, kultuer en skiednis fan Sealterlân. Yn it earste jier diene fyftjin minsken mei oan de kursus, sy kamen benammen fan de opliedingen Dútsk en Frysk oan de NHL Stenden Hegeskoalle, en Ryksuniversiteit Grins.

Isolearre

De regio Sealterlân hat iuwenlang isolearre west, en wie yn de simmer allinnich mar mei in boat te berikken. It wie in lyts gebiet op sângrûn middenyn in moerasgebiet. Yn de winter wiene minsken ôfhinklik fan sterk iis, om by Sealterslân te kommen. Dat hat der wol foar soarge dat de taal iuwenlang bewarre bleaun is. It waard minder beynfloede troch bygelyks it Dútsk as oare regionale talen.

Wurdfoarbylden

Taal
Sealterfrysk Kop Stierne Oge Nose Mule Tusk Keeuwe Soke Oor Kweede Uus Fjauer
Westerlauwersk Frysk (ús Frysk) Holle Foarholle Each Noas Mûle Tosk Kin Wang Ear Sizze ús Fjouwer

Yn 2014 hat de Ried fan Europa Dútslân noch op de fingers tikke om't se te min dogge om de Fryske taalminderheden yn Nedersaksen en Sleeswyk-Holstein te beskermjen.

(advertinsje)
(advertinsje)