Douwe Amels wol nij PR springe op WK atletyk yn Doha

Heechspringer Douwe Amels út Drachten komt tiisdei yn aksje op it WK atletyk yn Doha (Katar). Amels besiket him dan te kwalifisearjen foar de heechspringfinale fan freed. Yn totaal dogge der 32 heechspringers mei oan it wrâldkampioenskip. Om de finale te heljen moat Amels 2.31 meter springe of by de bêste 12 atleten sitte.
© ANP Foto
It persoanlik rekôr fan Amels is 2.28 meter, mar dochs tinkt er dat in finaleplak ta de mooglikheden heart. "In nij persoanlik rekôr sit der wol yn en dan is 2.31 meter ek mooglik", foarseit de Drachtster. "It belangrykste is dat ik gjin fouten meitsje en in goeie wedstriid spring. As dat slagget, bin ik der wis fan dat ik de finale helje."
Ik bin der wis fan dat ik in goeie kâns meitsje de finale te heljen.
Douwe Amels
It is foar de twadde kear dat Amels meidocht oan in wrâldkampioenskip. De limyt foar it WK yn Doha wie 2.30 meter, mar omdat der net genôch atleten wienen dy't dy hichte helle hienen, mocht Amels dochs nei it WK. In moanne lyn sprong Amels foar de twadde kear syn persoanlik rekôr fan 2.28 meter.
Douwe Amels oer syn kânsen op it WK