Miedloane yn De Westereen bliuwt iepen mei de spits

30 sep 2019 - 13:53

De Miedloane by De Westereen bliuwt ek yn de spits iepen. Dat hat de gemeente bepaald. Earder wie der noch sprake fan dat de dyk op it drokste momint fan de dei ôfsluten wurde soe. Dit giet no net mear troch.

Foto: Google Streetview

It beslút om de dyk ôf te sluten wie naam 't de ferkearsdruk mei de iepenstelling fan de Sintrale As ferdûbele is. De ynwenners fan De Westereen wiene it der lykwols foar in grut part net mei iens. Ek de plysje stie negatyf tsjinoer it plan.

De ferkearsfeiligens fan de dyk sil no opnij besjoen wurde troch de gemeente yn gearwurking mei omwenners, de provinsje en belanghawwenden. In mooglike oplossing soe in werynrjochting fan de Miedloane wêze.

Trefwurden: 
ferkear De Westereen
(advertinsje)
(advertinsje)