Hynstekeuring fan it KFPS yn rekôrtempo útferkocht

It duorret noch 100 dagen foar't it evenemint úteinset, mar no al binne alle kaarten foar de Hynstekeuring fan it Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek útferkocht. En dat is earder as oare kearen. De ôfrûne jierren binne de eveneminten fan it KFPS hiel bot yn populariteit omheechgien.
De jierlikse hynstekeuring yn it WTC yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De leden fan it stamboek krigen de ôfrûne moanne al de mooglikheid om kaarten te heljen, en diene dat ek manmachtich. Foardat de algemiene ferkeap úteinsette, wiene der al 10.000 kaarten ferkocht. Moandeitemoarn om njoggen oere wiene der noch 550 kaarten oer foar de frije ferkeap. Dy kaarten wiene yn ien oere útferkocht.
De Hynstekeuring is alle jierren útferkocht, mar noch nea sa betiid yn it seizoen. Der binne noch wol kaarten oer foar de FRIESIAN PROMS, de muzyk- en showjûn foarôfgeand oan de keuring.
Gjin kaartsje bemachtigje kind? Gjin noed, op sneon 11 jannewaris wurdt de Hynstekeuring live útstjoerd op Omrop Fryslân TV en ynternet. De keuring is te folgjen mei sawol Nederlânsk, Dútsk, Ingelsk as Frysk kommentaar.