Stewards yn Arrivatreinen tenei mei bodycams

De stewards yn de Noardlike treinen fan Arriva sille fan tiisdei ôf mei bodycams rûnrinne. It giet om in pilot dy't oan de ein fan it jier duorret. Arriva wol sjen oft de bodycams helpe om it gefoel fan feiligens omheech te bringen.
In bodycam fan de plysje © www.politie.nl
Bodycams binne kamera's dy't foar op it boarst fêstmakke binne, en dy't bygelyks de oanlieding fan in fjochtpartij registrearje kinne. De kamera's steane net altyd oan, mar wurde troch de stewards sels oanset at se fiele dat in sitewaasje de ferkearde kant út giet. Bodycams wurde al brûkt troch bygelyks de plysje.
Foar de bylden jilde yn Nederlân strange regels oer it opnimmen en bewarjen. Arriva sil de treinreizgers fia posters ynformearje oer de bodycams. Nei de pilotperioade wurde de resultaten bepraat mei de provinsjes Fryslân en Grinslân.