Monteurs helje lêste bernesyktes út nije brêge yn Burgum

30 sep 2019 - 12:17

Ynwenners fan Burgum en omkriten hawwe al in skoft de búk fol fan de nije brêge Burgumerdaam, oer it Prinses Margrietkanaal. Der binne geregeld steuringen mei de brêge, wêrtroch't auto's en fytsers in hiel ein omride moatte. En dat wylst de brêge noch mar krekt yn wurking is. De provinsje fiert moandei ekstra wurksumheden út en hopet dat de problemen dêrnei oplost binne.

Yn de kelder fan de brêge sitte allerhanne kompjûters. Kees Steneker fan de provinsje leit út wat der allegear mis gean kin. "It bin faak technyske saken, dy't útfalle. Wy dogge no ús bêst om de brêge sa optimaal mooglik te meitsjen. Dêrby kinst tinke oan de technyk, mar ek oan it elektrysk en de hydraulyk. Soks moat optimaal op inoar ôfstimd wêze."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Bernesyktes

Om der wis fan te wêzen dat alles it goed docht, hawwe ferskate monteurs kontakt mei elkoar fia portofoans. Se besjogge allerhanne saken dy't foar steurings soarjge kinne. Tink oan wetter yn de kelders of wetter yn in kabel. Steneker: "It is en bliuwt technyk, mei bernesyktes. It bart wol faker dat wy by nije brêgen yn it begjin soksoart lytse steuringen tsjinkomme."

Bauke Deelstra seach by de brêge yn Burgum

(advertinsje)
(advertinsje)