FNP wol aksje oangeande gefaarlike krusing Marsum-West

Der moat gau wat barre mei de rotonde by Marsum-West. Dat fynt de FNP yn Provinsjale Steaten. Dy rotonde is neffens de partij net berekkene op al it ferkear dat deis fan Noardwest Fryslân nei de Heak om Ljouwert en werom rydt.
© Google Streetview
Nei de iepening fan de N398, de Middelseewei, is it op de N383 in stik drokker wurden. Dit kin liede ta ferkearsopstoppingen en gefaarlike sitewaasjes, ek foar fytsers dy't hjirre oerstekke moatte. Om dat te ferhelpen soe de rotonde oanpast wurde, ynklusyf in fytstunnel. Der wie in bedrach fan hast acht ton foar begrutte. Mar de rotonde leit der noch hieltyd net.
De fraksje fan de FNP wol no witte wat de stân fan saken is mei de rotonde, en de taseine ferbetterings. "Der is jild foar begrutte", seit wurdfierder Sijbe Knol. "Mar de skeppe is noch net de grûn yn. Wêrom eins net? En op hokker termyn kinne wy aksje ferwachtsje?"