Durk Hibma tige hommels ferstoarn

30 sep 2019 - 11:04

Ald-direkteur fan Stichting It Fryske Boek, Durk Hibma, is ôfrûne tongersdei op 69-jierrige leeftiid hommels ferstoarn. Hibma wie in foarfjochter fan it Fryske boek en wie ek tige belutsen by de sutelaksje fan it Fryske boek.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de jierren 90 wie Hibma direkteur fan It Fryske Boek. Ald-direkteur fan de Afûk Koen Eekma hat yn dy jierren yntinsyf gearwurke mei Hibma. Neffens him wie Hibma in tige aimabele en goeie kollega.

De Afûk, stifting Keunstwurk en It Fryske Boek ferhuzen yn dy jierren mei elkoar nei it Fryslân-hûs en lettter nei de Bûterhoeke yn Ljouwert. Neffens Eekma wie Hibma in man dy't dêryn ek foarop rûn yn de striid.

Hy wie sa sterk as in bear, in man fan oanpakken.

In reaksje op it ferstjerren fan Durk Hibma

Doe't It Fryske Boek yn 2010 opgie yn Tresoar ferliet Hibma de stifting. Yn syn doarp Kûbaard wie er ek aktyf by ferskate ferienings foar de doarpsmienskip. Neffens Doarpsblang Kûbaard hat Hibma him yn de tweintich jier dat hy yn it doarp wenne, ûntwikkele fan nijkommer oant in echte Kûbaarder.

Ikoan fan de Slachtemaraton

Ek wie Hibma belutsen by de organisaasje fan de Slachtemaraton. De organisaasje beskriuwt Hibma as in grut rinner, entûsjast meitinker, betûft organisator en in ikoan fan de Slachtemaraton. Hibma waard in fanatyk kuierder nei't er ophâlden wie as direkteur fan It Fryske Boek. Yn 2016 rûn hy de Slachtemaraton mar leafst twa kear op ien dei.

Durk Hibma soe 8 novimber 70 wurden wêze.

Koen Eekma oer Durk Hibma

(advertinsje)
(advertinsje)