Skras troch Jouster merkekoersen: baan is te wiet

30 sep 2019 - 09:51

De hynstekoersen moandeitemiddei gean net troch op De Jouwer, om't de baan te wiet is. Dat hat de organisaasje bekend makke. De baan waard moandeitemoarn ôfkard troch de Nederlandse Draf- en Rensport (NDR). Tjepke de Vries fan it bestjoer baalt fan it beslút. "Dit is noch nea earder bard."

Foto: ANP Foto

De tinten binne al opboud en de fiskboer hat syn karre al klearset, mar it is allegear foar neat. "Dit kostet ús jild", seit De Vries teloarsteld. "Snein hat de NDR de baan noch besjoen en like der neat oan de hân. Mar moandeitemoarn krigen we it berjocht dat de baan te wiet is. Dat is gefaarlik foar de hynders."

Claim

Klaas de Wrede is foarsitter fan de Jouster hynstekoersen. Ek hy hie graach sjoen dat de koersen trochgong wiene. "Wy binne it net mei it NDR-beslút iens as bestjoer, mar wy kinne heech en leech springe: it jout ús neat. Wy binne ôfhinklik fan de NDR."

De foarsitter hie de NDR frege om letter op de dei de kontrôle te dwaan, as it reinwetter wer wat fuort wie, mar de NDR woe dat perfoarst net. De Wrede tinkt nei oer in claim, om de kosten dy't al makke binne op de NDR te ferheljen.

Foarsitter Klaas de Wrede

Jouster merkekoersen

De hynstekoersen op De Jouwer binne tradysjegetrou ûnderdiel fan de Jouster merke. It barde noch net earder dat de organisaasje de hynstekoersen ôfsizze moast.

(advertinsje)
(advertinsje)