Toer Boalserter stedhûs wurdt dizze wike fierder fuorthelle

30 sep 2019 - 09:37

Der sille dizze wike noch twa stikken fan de toer fan it stedhûs fan Boalsert fuorthelle wurde. De twa dielen ûnder it part dat sneon fuorthelle waard, binne neffens projektlieder Sietse Le Roi fan de gemeente Súdwest-Fryslân yn noch mindere steat as it boppeste part.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

By wurksumheden oan it stedhûs die ferline wike bliken dat de boukundige steat fan de toer tige min is.

Ofrûne sneon waard it boppeste diel der dêrom fuortendaliks ôfhelle. De minne steat fan de toer komt troch de bûnte kjifkrobbe, dy't it hout opfret.

Trefwurden: 
Boalsert stedhûs toer
(advertinsje)
(advertinsje)