Kollum: "Op De Harkema giest net mei pensjoen"

30 sep 2019 - 09:30

"Ferline wike wie der in mitseler út De Harkema by ús oan it wurk. Mei syn 23 jier wurke er al hast like lang as ik mei myn 33 jier. "Ik wie 16 doe't ik begûn", fertelde er. "Ik hie gjin nocht yn skoalle, dus sadree't it koe, bin ik oan it wurk gien." En hy is fêst net de iennige dy't al mei 16 jier oan it wurk is. Sa binne der tûzenen.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Op de kop ôf fiif wike lyn begûn ús ferbouwing. Sa't ik ferline wike al fertelde, binne wy flink oan it skuorren. En dat komt der op oan. Alles docht my sa stadichoan sear. Ik haw hast in wike spierpine hân fan dy alderearste sloopdei. Myn kompjûterhantsjes binne fansels neat wend. Ik sit hiele dagen op 'e stoel, dus ek de spieren yn myn fuotten witte net wat harren oerkomt.

Dêr tocht ik oan doe't ik de mitselder seach. Dy skuorde mei stiennen om, makke speesje yn de speesjetonne as kloppe er slachrjemme en tilde mei gemak dy leadswiere bak omheech. Dat docht er dei yn, dei út, dus foar him is it in makje. Mar ast dat oant dyn 67e dwaan moatst, dan wurdt it in oar ferhaal.

Elkenien moat minstens fjirtich jier wurkje, is myn motto. Ik bin op myn 23e begûn, dus ik moat minimaal troch oant 63. De mitseler is mei 16 jier begûn en hat dus in flinke foarsprong. Wat my oanbelanget mei hy op syn 56e wol fan syn pensjoen genietsje. De polityk is it fansels net mei my iens en skroevet de pensjoenleeftiid hieltyd fierder op. Ek foar swiere beroppen.

En dus moat de mitselder nei alle gedachten wol fyftich jier oan it wurk. Miskien dat er der hielendal gjin probleem fan makket, mar ik fyn it folle. Lit sa'n jonge fanôf syn sechtichste lekker genietsje fan neat dwaan, tocht ik. Mar sa maklik is dat ek noch net, learde ik ôfrûne wike.

Doe hie ik in ynterview mei ûndersiker Hans Barf fan NHL Stenden Hegeskoalle. Hy fertelde my oer 'gerontofoby', de eangst om âlder te wurden. Sa't oaren benaud binne foar spinnen of grutte hichtes, sa binne minsken mei in gerontofoby benaud om âlder te wurden. It byld dat se dêr fan hawwe, is ôftakeling en úteinlik fansels de dea.

Unsin, fynt de ûndersiker. Seker ast neigiest datst nei dyn pensjoen op dyn 67e mei gemak noch twintich jier libbest. Dêrom moatst dizze perioade net sjen as 'de lêste libbensfaze', mar as 'in nije libbensfaze'. "In perioade fan lekker neat dwaan", sei ik. Hy skodde de holle. "Just net", sei er. "Moatst ek nei dyn pensjoen belutsen bliuwe by de wrâld om dy hinne."

Dêrmei bedoelt er net in wyklikse oppasdei op de pake- en beppesizzers of in frijwilligersbaantsje. "Lit âlderen meitinke oer aktuele fraachstikken", fynt de ûndersiker. "Sy hawwe in hiel oare tinkwize en sjogge oars nei problemen en útdagingen." Ik tink dat er gelyk hat. Nei fyftich jier wurkjen, is it ek nuver om as mitseler samar oan de kant set te wurden.

Alhoewol: ik tink dat dizze jonge út De Harkema noch genôch putsjes hat as er mei pensjoen is. Hy moast no ek rap wer fuort om noch efkes in garaazje te mitseljen. "Beunputsje", lake er. Sjoch, yn De Harkema giest noait mei pensjoen."

(advertinsje)
(advertinsje)