Kringloopwinkel Drachten ferhûzet nei de oare kant fan de dyk

30 sep 2019 - 09:03

Stuollen, tafels, lampen en oar hûsried: ferskate frijwilligers kuierje dizze moandei mei guod oer de dyk by kringloopwinkel 'Hart in Friesland' yn Drachten. Net omdat se it guod kocht ha, mar omdat se it ferhûzje nei de oare kant fan de dyk, dêr't it nije gebou fan de kringloopwinkel sit. Yn de eardere Gamma-winkel binne sneupers tenei fan herte wolkom.

Direkteur Jelmer Kooistra is al fan sân oere moarns warber om alle guod dat noch yn de âlde winkel stiet oer te bringen nei it nije gebou. It swierste guod is al ferhûze. "Wy binne al in pear wiken dwaande, want jo moatte de saken goed tariede. Mar der moat noch wol it ien en oar barre. Wy ha wurk genôch."

Folop frijwilligers

Om genôch frijwilligers te finen foar de grutskalige ferhûsdei, die kringloopwinkel 'Hart in Friesland' ôfrûne wiken in oprop. Dêr kamen safolle reaksjes op dat de direkteur sels 'nee' ferkeapje moast.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De kringloopwinkel op it Drachtster yndustryterrein groeide de ôfrûne jierren út syn jaske. Kooistra: "De nije lokaasje is grutter en boppedat better tagonklik foar minsken mei in beheining. Ek dat fine wy tige wichtich."

Stichting 'Hart in Friesland'

Stichting 'Hart in Friesland' docht mear as allinnich mar in kringloopwinkel draaiende hâlde. Ek binne se sponsor fan ferskate G-teams yn de provinsje en hat 'Hart in Friesland' in eigen hynsteklup oprjochte foar minsken mei in beheining.

It guod foar de kringloopwinkel kinne minsken sels delbringe, mar frijwilligers komme ek by de minsken thús del om it op te heljen. Dat bart as minsken ferhûzje, mar ek as der in ûntromming is.

(advertinsje)
(advertinsje)