Kraan yn Harns slim skansearre troch hurde wyn

30 sep 2019 - 07:21

Yn Harns is in skipskraan fan goed 30 meter hichte nei alle gedachten troch de hurde wyn slim skansearre. Dat barde yn de nacht fan snein op moandei by it bedriuw SRF Shipbuilding oan de Keningswei yn Harns. De brânwacht en de plysje binne warskôge. De kraan is boppe-yn brutsen en de omjouwing is ôfset. Mar neffens eigner Lex Tichelaar falt it wol in slach ta. "De boel is ûnder kontrôle."

No't it ljocht wurdt, is goed te sjen dat de kraan boppe-yn knakt is. Op dit stuit wurdt de kraan demontearre. Tichelaar: "Wy helje de boel nei ûnderen om te sjen wat der krekt bard is."

Oer de oarsaak wol Tichelaar net spekulearje. "It is noch net te sizzen oft it troch de hurde wyn komt. It waait wol faker hurd yn Harns. Dus wy binne ek benijd, mar dat witte wy pas as de boel nei ûnderen helle is."

Foto: Jaring Rispens

Der is neat oan de hân.

Lex Tichelaar, eigner fan SRF Shipbuilding

Der stean twa flinke kranen fan Zuidema by de kapotte kraan om it ding te demontearjen. "Dit ha wy wol faker dien. Wy witte hoe't it moat. Gjin probleem", stelt Tichelaar elkenien gerêst.

Ut foarsoarch is it terrein ôfset. Tichelaar: "Dat moat, mar de boel is ûnder kontrôle. Der is eins neat oan de hân. Wy ha seis loadsen en ien loads is ticht om't wy gjin risiko nimme wolle."

Stremming foar skipsferkear

Ek it skipsferkear moast moandeitemoarn koarte tiid rekken hâlde mei in stremming fanwege de stikkene kraan. De brêgen en sluzen tusken de Tjerk Hiddessluzen en de Stasjonsbrêge yn Frjentsjer waarden moandeitemoarn tusken fiif en acht oere net betsjinne.

It wurk oan de kraan is te folgjen fia de webcams fan Webcam Harlingen.

(advertinsje)
(advertinsje)