Bauke van der Pol moetet kening en keninginne: "De kreaze klean moatte oan"

30 sep 2019 - 07:04

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima moetsje: der binne mar in pear minsken dy't mei it keninklik pear fûstkje meie. Antropolooch Bauke van der Pol út Harns is ien fan harren. Van der Pol is moandeitemiddei útnûge by de presintaasje fan it boek 'India and the Netherlands: past, present, future', dêr't er oan meiskreaun hat.

Foto: ANP Foto

It boek 'India and the Netherlands: past, present, future' is skreaun is troch de Yndiaaske ambassadeur. Van der Pol hat sels ek in soad oer de Nederlânske skiednis yn Yndia skreaun en hat meiwurke oan it boek. "Ik ha op- en oanmerkings jûn op it boek en der sitte ek in pear foto's fan my yn it boek."

Bysûndere skiednis

Van der Pol komt al mear as fjirtich jier yn Yndia. In lân dêr't Nederlân al iuwen in bysûndere bân mei hat. "De Yndiaaske ambassadeur wol dy bysûndere skiednis tusken beide lannen yn byld bringe", leit Van der Pol út.

Besite oan Ljouwert

Dêrfoar reizge de ambassadeur ek nei Fryslân, om in besite te bringen oan it Fries Museum yn Ljouwert, dêr't in bysûndere fibula (in mantelspjelde) leit út Winaam. Dy spjelde waard yn 1953 fûn en is fersierd mei goud en read almandyn út Yndia.

Kreaze klean

It is de earste kear dat Van der Pol de kening en keninginne moetsje sil. "De kreaze klean moatte mar oan", laket er. It keninklik pear sil ynkoarten ek op besite nei Yndia en dit boek is in goede tarieding op dy reis, fynt Van der Pol.

Antropolooch Bauke van der Pol

(advertinsje)
(advertinsje)