UNIS Flyers wint bekerwedstriid tsjin Eaters Geleen yn alderlêste sekonden

29 sep 2019 - 22:03

De UNIS Flyers hawwe de earste útwedstriid fan it seizoen wûn. Yn Limburg wie de iishockeyploech fan It Hearrenfean mei 3-2 te sterk foar Microz Eaters Geleen.

UNIS Flyers yn in eardere wedstriid - Foto: Martin de Jong

De Fryske ploech kaam twa sekonden foar it ein fan de earste perioade op efterstân troch in doelpunt fan Yoren de Smet. Yn de twadde perioade kamen de Flyers wer op likense hichte troch in goal fan Trevor Petersen. De Kanadees dy't oerkaam is fan it Frânske Brest Albatros Hockey makke hjirmei syn earste doelpunt yn Fryske tsjinst.

Yn de tredde perioade gie it ek lyk op yn Limburg. Mei noch ien minút op de klok wie de stân 2-2. De Fryske iishockeyers profitearren seis sekonden foar tiid lykwols fan in powerplaysituaasje en pakten dêrmei de oerwinning: 3-2. De beslissende treffer kaam op namme fan de Slowaak Adam Bezak.

Twa út twa

UNIS Flyers wûn freedtejûn ek al de earste bekerwedstriid fan it seizoen. Yn Thialf waard Zoetermeer Panters mei 7-3 ferslein.

(advertinsje)
(advertinsje)