Ausma twa kear op rige nasjonaal judokampioen

Natascha Ausma is Nederlânsk kampioen judo wurden yn de klasse oant 78 kilogram. It is har twadde titel op rige. Foarich jier waard se Nederlânsk kampioen yn in oare gewichtsklase.
Natascha Ausma © Orange Pictures
De judoka út Lippenhuzen stapte begjin dit jier oer fan de klasse oant 70 kilo nei de klasse oant 78 kilo. Yn de finale wûn se yn Almere fan Karen Stevenson. Ausma is mominteel 69e fan de wrâld, Stevenson nûmer 20. De beste twa Nederlanners, Guusje Steenhuis (4e) en Marhinde Verkerk (12e), diene net mei.
Ferline jier waard Ausma foar it earst Nederlânsk kampioen. Doe yn de klasse oant santich kilo.
Ien dei earder wie der ek al Frysk judosúkses. Doe pakte Tornike Tsjakadoea brûns yn de klasse oant 66 kilo. Sanne Vermeer en Margriet Bergstra diene troch blessueren net mei.