Big Brother op de Waadsee: mear as hûndert fûgels wurde rjochtstreeks folge

29 sep 2019 - 22:12

Op de Waadsee is in netwurk fan ûntfangers aktyf om de bewegingen fan mear as hûndert mientsen te folgjen. Dy ha allegearre in stjoerderke op de rêch.

In mients mei in stjoerderke - Foto: Foto Benjamin Gnep

It giet om in ûndersyk fan it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ), dat graach witte wol hoe't de mientsen reagearje op de feroarings yn de Waadsee. It Nederlânske wurdt foar mients is kanoet.

It Waadseegebiet is fan grut belang foar fûgels. Sûnt dizze simmer binne 160 mientsen mei in stjoerderke rjochtstreeks te folgjen. No al is te sjen dat de fûgels fier fleane moatte om oan fretten te kommen. It giet bytiden om ôfstannen fan sa'n 80 kilometer.

Der binne yn totaal 26 ûntfangers aktyf. Se steane allegearre op it westlik Waadgebiet.

Ien fan de ûntfangers op it Waad - Foto: Foto: Allert Bijleveld (NIOZ)

As it sinjaal fan in fûgel troch trije ûntfangers oppikt wurdt, kinne ûnderikers sjen wêr't it bist hinne fljocht. It is de bedoeling dat der ek in webside komt dêr't it grutte publyk de fûgels rjochtstreeks op folgje kin.

NIOZ ûndersiker Allert Bijleveld

(advertinsje)
(advertinsje)