Aris ferliest seizoensiepener mei grutte sifers fan Heroes Den Bosch

29 sep 2019 - 19:49

Aris Ljouwert hat de earste wedstriid fan it seizoen mei grut ferskil ferlern. Heroes Den Bosch, de nûmer fjouwer fan it ôfrûne reguliere seizoen, wie yn it Kealledykje mei 85-60 te sterk.

Nathan Krill (Heroes Den Bosch) en Craig Osaikhwuwuomwan (Aris) - Foto: OrangePictures

De Ljouwerter ploech stie foar it earst ûnder lieding fan de Belgyske coach Ferried Naciri. Al nei it earste kwart rûnen se efter de feiten oan (14-23). Yn it twadde kwart waard de skea noch grutter. Heroes Den Bosch koe mei in komfortabel ferskil fan fjirtjin punten oan de tee: 31-45.

Nei it skoft wie Aris ferdigenjend better, sadat it ferskil op fjirtjin punten bleau. Yn it fjirde en lêste kwart wie de enerzjy lykwols op by de manlju fan Naciri en koene de Heroes útrinne ta 60-85.

Ljochtpunt Idowu

By de Fryske basketbalploech wie Samuel Idowu nettsjinsteande de nederlaach in ljochtpuntsje. De Ingelskman, dy't oerkaam fan Saint Peter's Peacocks út it Amerikaanske Jersey City, makke sechstjin punten. By de Brabanners wie Elijah Wilson de topscorer.

(advertinsje)
(advertinsje)