Oranje follybalfroulju slute wrâldbekertoernoai ôf mei ferlies tsjin gastlân

29 sep 2019 - 16:14

De Nederlânske follybalfroulju binne achtste wurden op it wrâldbekertoernoai yn Japan. De froulju, mei de Friezinne Marrit Jasper yn it team, ferlearen de lêste wedstriid.

Marrit Jasper yn in eardere wedstriid - Foto: ANP

Yn de slotwedstriid kaam Nederlân út tsjin it gastlân. De Nederlânske froulju ferlearen mei 1-3 (18-25, 25-27, 26-24, 21-25). Fan de alve wedstriden dy't se yn Japan spile ha, hat it Nederlânske team der fiif wûn.

(advertinsje)
(advertinsje)