Folkert-Hans wol Liet winne mei 'De taal fan muzyk'

29 sep 2019 - 18:44

Folkert-Hans Tolsma hopet dat syn nûmer 'De taal fan muzyk' it Fryske sjongfestival Liet winne kin. As dat slagget, kin er takom jier Fryslân fertsjinwurdigje op it ynterjasjonale sjongfestival foar minderheidstalen, dat yn Denemarken holden wurdt.

Foto: YouTube

Der binne yn totaal fyftjin kânshawwers by Liet 2019. De kommende twa wiken is elk fan dy ferskes live by Omrop Fryslân op de radio te hearren. Dêrnei kin it publyk op de webside fan Liet de favorite artyst kieze. De twa dy't de measte stimmen krije, komme yn de finale.

Snein wie Folkert-Hans Tolsma mei Berend Riemersma en Rick Heida te hearren yn it radioprogramma Snein yn Fryslân.

Behalve de twa finaleplakken dêr't it publyk foar stimme kin, binne der noch acht oare plakken. Dy wurde ferjûn troch in faksjuery. Sa bliuwe der tsien finalisten oer, dy't op 15 novimber stride om de titel.

De bekendste winner fan Liet is Twarres. Yn 1999 wûn dat duo de publykspriis, mei de letter nûmer 1-hit 'Wêr bisto?'

(advertinsje)
(advertinsje)