Bern ferwûne by ûngelok mei bakfyts yn Drachten

29 sep 2019 - 18:45

Yn Drachten is in jong bern ferwûne rekke by in ûngelok mei in bakfyts. Dat meldt de plysje. De fyts soe oer de kop slein wêze neidat der in jas tusken de speaken kaam wie.

Foto: De Vries Media

Der soene trije bern yn de bakfyts sitten ha op it momint fan it ûngelok, en in folwoeksene soe de fyts bestjoerd ha. Minsken fan de ambulânse ha alle belutsenen neisjoen. Ien jong bern is nei it sikehûs brocht mei letsel oan de holle.

Trefwurden: 
Drachten ûngelok bakfyts
(advertinsje)
(advertinsje)