Wrâldkampioen Nyck de Vries: "Ik besef het nog niet helemaal"

29 sep 2019 - 22:35

Autokoereur Nyck de Vries hat noch net hielendal yn de gaten dat er wrâldkampioen wurden is yn de Formule 2. Dat sei er yn it radioprogramma Snein yn Fryslân.

De Vries waard wrâldkampioen troch de Grand Prix fan Sotsji te winnen. Hy pakte dêr safolle punten, dat syn konkurrinten him net mear ynhelje kinne.

"Ik besef het nog niet helemaal", seit de Vries in dei letter. "Direct na de race had ik wel heel veel emotie, en ontlading. Het begint nu langzaam door te dringen."

In feestje om it kampioenskip te fieren, siet der net yn. De Vries moast de folgjende dei alwer ride. "Ik lag wel op tijd in bed, maar ik heb niet veel geslapen. Dat wilde niet. Maar ik moest vandaag weer fit zijn."

In dûbeldslach waard it net. Yn de twadde wedstriid waard De Vries twadde. Hy starte as achtste, omdat er de earste wedstriid wûn hie. "Het circuit biedt maar weinig inhaalmogelijkheden. Vooraf denk ik dat we hiervoor zouden hebben getekend."

"Ik kan mezelf niets verwijten"

De Vries is de earste Nederlanner dy't wrâldkampioen wurdt yn de Formule 2. Dêr is er tige wiis mei. "Ik ben er trots op. Dit neemt niemand me meer af."

De Formule 2 wurdt sjoen as opstapklasse nei de Formule 1. De koereurs dy't foarich jier de bêsten wiene yn de Formule 2, ride no yn de Formule 1. Foar De Vries bliuwt dat in dream. Hy rydt takom jier yn de Formule E.

"Als jonge coureur leef je je hele leven toe naar de Formule 1. De Formule 2 is de op één na hoogt haalbare klasse. Ik kan mezelf niets verwijten."

Nyck de Vries waard mei ôfstân kampioen

Trefwurden: 
Formule 2 Nyck de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)