"Kabinet moat earst goed mjitte, en dan pas maatregels betinke"

29 sep 2019 - 15:56

De boerebelange-organisaasje Dutch Dairymen Board fynt dat it kabinet earst mjitte moat wêr't de stikstof-problemen sitte, foardat der maatregels betocht wurde. Dat seit foarsitter Sieta van Keimpema yn it radioprogramma Buro de Vries.

Trekker yn Den Haach - Foto: ANP

In advyskommisje sei earder dizze wike dat boerebedriuwen ynkrimpe moatte om de stikstofútstjit te ferminderjen. Tiisdei wolle boeren nei Den Haag om dêr tsjin te protestearjen.

Der wurdt fierstentefolle nei de boeren wiisd, seit Van Keimpema. "Wêrom hearre we neat oer de grutte yndustry, sa as Tata Steel of Schiphol, dêr't fan alles mis is? Alles wurdt no mar ôfskood op de boeren. Dat kin net!"

Van Keimpema rekkenet tiisdei op in soad drokte, by de protestaksje yn Den Haag, mar se giet der fan út dat de strontkarren thús bliuwe, seit se.

Buro de Vries is in programma mei achtergrûnen by it nijs. It wurdt alle wiken útstjoerd op snein, tusken 11:00 en 13:00 oere. De folsleine útstjoering mei Sieta van Keimpema is ek online te hearren.

(advertinsje)
(advertinsje)