Plysje siket tsjûgen fan geweldsynsidint yn Grou

29 sep 2019 - 13:17

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in 33-jierrige man fan Koatstertille en in 28-jierrige frou fan Grou oanhâlden nei in geweldsynsidint yn in wenning oan de Mr. Pieter Jelles Troelstrawei yn Grou.

Plysje logo - Foto: Omrop Fryslân

Om 4.30 oere hinne krige de plysje in melding fan in mooglike rûzje yn Grou. Plysje-aginten waarden op strjitte oansprutsen troch de 33-jierrige man út Koatstertille. Op syn oanwizing waard yn de wenning in swier ferwûne man oantroffen. It gie om in 44-jierrige man út Ljouwert. Hy waard fuortendaliks oerbrocht nei it sikehûs yn Grins.

De man út Koatstertille waard oanhâlden as fertochte, tegearre mei de 28-jierrige frou út Grou. It is noch net dúdlik wat der krekt bard is en de plysje is dêrom in ûndersyk begûn.

De plysje is op syk nei tsjûgen. Minsken dy't yn de nacht fan sneon op snein wat sjoen hawwe yn de Mr. Pieter Jelles Troelstrawei kinne kontakt opnimme mei de plysje fia 0900-8844 of anonym fia 0800-7000.

(advertinsje)
(advertinsje)