Nyck de Vries twadde yn heftige Formule 2-race

Nyck de Vries is snein twadde wurden yn de sprintrace yn de Formule 2. De 24-jierrige koereur fan Twellingea moast allinnich de Italiaanske Luca Ghiotto noch foar him litte. Ofrûne sneon waard De Vries earste en dêrmei al wrâldkampioen.
© Mercedes-Benz EQ Formula E Team
De Vries makke by de start fiif plakken goed en rukte op nei it tredde plak. De wedstriid waard stillein nei in crash tusken de Rus Nikita Masepin en de Janpanner Nobuharu Matsushita. De Rus, ploechgenoat fan De Vries, koe sels út de auto komme, de Japanner net. Beide koereurs binne net slim ferwûne rekke.
Nei de herstart koe De Vries fierder oprukke nei it twadde plak en kaam ek noch yn de buert fan de Italiaan, mar hy koe him net ynhelje.
Der binne noch twa races dit seizoen. Op 30 novimber en 1 desimber komme de Formule 2-riders noch yn aksje yn Abû Daby.