Tentoanstelling oer Sjouke Helfrich yn it Keatsmuseum

29 sep 2019 - 11:51

It Keatsmuseum yn Frjentsjer hat in tydlike tentoanstelling iepene oer keatser Sjouke Helfrich, 'de lytse bakker mei de grutte stap'. Yn de tweintiger en tritiger jierren fan de foarige iuw makke Helfrich fan Kimswert furoare op de Fryske keatsfjilden. Sa wûn hy foar dat doarp twa kear de Jong-Nederlandpartij.

Doe't hy bakkersfeint waard yn Sint-Jabik kaam hy dêr yn it ôfdielingspartoer mei Dooitzen de Bildt en de ferneamde Klaas Kuiken. De mannen wûnen trije jier op rige de bûnspartij.

Dyselde bûnspartij wûn Sjouke ek foar Winaam, dêr't hy yn 1936 selsstannich bakker waard. Ek op de PC wie Helfrich in suksesfol keatser. Fiif kear wûn hy de PC, trije kear behelle hy de preemje en trije kear de lytse preemje.

Syn lêste PC-winst wie yn 1948 mei Marten van der Leest en Theun de Bruin. Hy wie doe 37 jier. Helfrich behelle yn syn lange keatskarriêre 530 punten.

De tentoanstelling oer Sjouke Helfrich - Foto: Keatsmuseum

De tentoanstelling oer Helfrich waard sneon iepene yn in bysûndere gearkomste. Dêr waard troch de famylje Helfrich de skinkingsoerienkomst fan de prizen fan Sjouke Helfrich oan it Keatsmuseum ûndertekene.

De soannen Catharinus en Douwe hellen oantinkens op oan harren heit, wylst bestjoerslid Theo Kuipers in byldzjend oersjoch nei foaren brocht oer de keatskarriêre fan Sjouke Helfrich. Ek in tal bestjoersleden fan keatsferiening 'De Helfrichs' út Kimswert wie oanwêzich.

Foto: Wikipedia, Ieneach fan 'e Esk

De prizen fan Sjouke Helfrich binne yn in tydlike tentoanstelling te besjen yn it Keatsmuseum yn Frjentsjer. It museum is yn de moanne oktober iepen fan tiisdei oant en mei sneon fan 13.00 oant 17.00 oere. Yn novimber allinnich op freed en sneon.

(advertinsje)
(advertinsje)