Boekekast #1: De parallaks fan Janneke Spoelstra

29 sep 2019 - 09:40

Harkesto ek graach nei Fryske ferhalen? Dan ha we goed nijs foar dy. Omrop Fryslân hat yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân in podcast ûntwikkele mei de moaiste Fryske boeken en ferhalen fan dit momint: de Boekekast. Yn dizze earste Boekekast in fragmint út 'De parallaks' fan Janneke Spoelstra. It fragmint wurdt foarlêzen troch Karen Bies.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de roman 'De parallaks' komme trije froulike haadpersoanen oan it wurd: Famk dy't tritich, Lokke dy't fyftich en Wyb dy't santich wurdt. Alle trije identifisearje se har as lesbysk, mar troch it leeftiidsferskil is it perspektyf hiel oars. Hoe sjogge de froulju nei har omjouwing, en hoe de omjouwing nei har?

Janneke Spoelstra

Janneke Spoelstra debutearre yn 2004 mei de dichtbondel 'Goeie is it wachtwurd'. Der binne meardere dichtbondels fan har hân ferskynd. Ek hat Janneke in ferhalebondel skreaun. 'De parallaks' is de debútroman fan de skriuwster en útjûn by de Afûk.

De Boekekast is in podcast mei Fryske ferhalen en fragminten út Fryske boeken. Boekekast is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân. Sechstjin wiken lang wurdt alle sneinen in nij ferhaal of fragmint publisearre. Boekekast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapp en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Boekekast op omropfryslan.nl/boekekast.

(advertinsje)
(advertinsje)