Omrop TIP: In ûnwennich jier

29 sep 2019 - 08:01

Wa ken it byld net! De dykstimpel by Marrum fan Ids Willemsma. Yn de 25 jier dat it "als een vlieg op een gespierde arm" (Gunnar Daan) stiet, is it útgroeid ta in belangryk byldmerk fan Fryslân. In ikoan soene je sels sizze kinne.

Willemsma is in ferneamde keunstner yn Fryslân en syn wurk is oars en eigenwiis. Gelokkich mar. En dan is der samar ynienen in hiel soad oandacht en belangstelling foar him en syn wurk. Hy sjocht der suver fan op. Der komt in eksposysje fan syn nea earder fertoande wurk yn Obe.

De dykstimpel komt yn de stegers en wurdt restaurearre. Der binne lêzingen, muzyk, poëzy en in gesellige busreis op in moaie snein. Want: de keunstner hat syn jierdei en wurdt santich dit jier. Alle reden foar in tefreden gefoel en in grut feest soene je sizze.

Mar nee. Der binne oare dingen dy't him pleagje.

De Fryslân DOK 'In ûnwennich jier' is te sjen op snein 29 september, om 13:00 op NPO 2 en fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje.

Trefwurden: 
Ids Willemsma Fryslân DOK
(advertinsje)
(advertinsje)